Cambuur ferliest mei 4-0 fan AZ

29 jul 2017 - 20:16

Sportklup Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin AZ sneontejûn ferlern. AZ wie mei 4-0 te sterk foar de Ljouwerters op it AFAS trainingscomplex yn Wijdewormer. Cambuur wie lang net opwoeksen tsjin it goed spyljende AZ. De ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen kaam benammen de earste helte amper oan oanfallen ta. De twadde helte spile Cambuur wat kompakter. Doe wie der wat mear lykwicht yn de wedstriid, mar AZ bleau de baas op it fjild.

Trefwurden: 
fuotbal AZ SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)