Fierljeppen It Heidenskip ôflast: snein ynhelje

29 jul 2017 - 19:56

De finales fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) yn It Heidenskip binne sneontejûn ôflast. De technyske kommisje hat dat beslút naam fanwege de oanhâldende rein.

Der hiene al in tal sprongen west, mar de TC hat besletten de wedstriid folslein oer te dwaan. Dat bart sneintemiddei om 14.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)