Krânsen foar Van der Bos en Tuinenga yn Seisbierrum

29 jul 2017 - 18:01

By keatsferiening Seisbierrum-Pitersbierrum stie sneon in haadklasse frije formaasjewedstriid foar de manlju en de froulju op it programma.

By de manlju wie de oerwinning foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. De lêste waard útroppen ta kening. Sy wûnen de ûnderhâldende finale mei 5-3 en 6-2 fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. De lytse preemje wie foar it partoer fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra.

By de froulju wie de winst foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Se wûnen de finale reedlik maklik mei 5-2 en 6-4 fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Scheepstra waard útroppen ta keninginne. De lytse preemje wie foar it partoer fan Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)