Deade frou fûn yn wetter by Twellingea

29 jul 2017 - 17:29
Foto: De Vries Media

Yn Twellingea is sneontemiddei in lichem fûn yn it wetter fan de Gravinnepoel. It giet om in âldere frou. Hoe lang't it lichem al yn it wetter lei, is noch net dúdlik. De plysje slút in misdriuw út. Mooglik is de frou net goed wurden en dêrnei ferdronken. De brânwacht hat it lichem út it wetter helle. De plysje hat de omjouwing ôfset.

Trefwurden: 
lichem deade frou Twellingea
(advertinsje)
(advertinsje)