Meardere ferwûnen by ûngelok Riis

© Karel Haarsma/FrieslandActueel.nl
By in ûngelok op de N359 binne sneontemiddei meardere persoanen ferwûne rekke. Twa auto's botsten op elkoar. De bestjoerder fan ien fan de auto's moast troch de brânwacht befrijd wurde en is, tegearre mei in oare ynsittende, nei it sikehûs brocht. Yn de oare auto siet in gesin, sa't it no liket rekke allinnich de byrydster fan dizze auto ferwûne. Ek sy is nei it sikehûs brocht.