Brûns foar Anne Tauber op EK mountainbike

Anne Tauber yn aksje op de mountainbike © www.habitatmountainbiketeam.com
Anne Tauber hat in brûnzen medalje wûn op it EK mountainbike yn de kategory ûnder 23 jier. Yn it Italiaanske Darfo Boario Terme einige de 22-jierrige Tauber achter har Switserske konkurrintes Sina Frei en Alessandra Keller.
De mountainbikester fan Oranjewâld ferôvere earder dit seizoen de titel op it Nederlânsk kampioenskip.