34.000 sinnepanielen by yndustryterrein Bûtenpost

29 jul 2017 - 15:30

Der komme 34.000 sinnepanielen op in stik lân by yndustryterrein De Swadde yn Bûtenpost. It bedriuw Solarfields út Grins hat dêrfoar subsydzje takend krigen en kin dus úteinsette mei de sinnegreide. Sa gau as de stroomoansluting fan it park klear is wurdt begûn mei de bou. De ferwachting is dat it binnen in jier klear is. De oanlis fan it park kostet 9 miljoen euro en de panielen wekke genôch enerzjy foar 3000 húshâldens op.

(advertinsje)
(advertinsje)