Súksesfolle lêste edysje Frije Cross

29 jul 2017 - 14:50

Der ha noch noait safolle dielnimmers west as dit jier, by de Frije Cross yn Blije. "It ridersketier sit oan de harses ta fol," seit Willy Boonstra fan de organisaasje. Dat fielt al wat nuver. De cross wurdt hjoed foar it lêst ferriden. "Je moatte op je hichtepunt ophâlde."

De organisaasje seit dat de animo foar de ludike klassen weromrint. En dat wie no krekt wêrmei't Blije him ûnderskiede woe fan oare autocrossen. De Frije Cross begûn hieltyd mear op in gewoane autocross te lykjen. En dat wie de bedoeling net. Boppedat is it foar de organisaasje dreech om de kosten op te bringen dy't de cross mei him meibringt. Troch extra regels wurdt dat hieltyd djoerder.

Dielnimmers wiene der moarns betiid noch wol even bang foar dat de lêste cross hielendal net trochgean koe. Se wiene benaud foar min waar. Dat is net kaam, al begong de cross in oere letter as de bedoeling wie. De entree dêr't alle crossers trochhinne moasten, stie blau fan de drek. De measte crossauto's moasten dêr trochhinne sleept wurde, en dat kostte wol wat tiid.

Trefwurden: 
Frije Cross Blije autocross
(Advertinsje)
(Advertinsje)