900 kilo oan gratis spinaazje is samar fuort

De 900 kilo mei ôfkarde spinaazje dêr't de Streekboer mei oan siet, wie sneontemiddei yn twa oeren fuort. De spinaazje fan boer Krispijn van den Dries wie bedoeld foar de eksport nei Denemarken, mar dêr fûnen se de blêden en de stâlen te grut. De griente waard ôfkard. Yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean koene minsken de spinaazje sneon ophelje: fergees, of tsjin in frijwillige bydrage.