Bestjoerder ûntsnapt út brânende auto

29 jul 2017 - 13:48
Foto: De Vries Media

Oan de Oranje Nassauleane yn Wolvegea is sneontemiddei in auto folslein útbrând. De bestjoerder krige ûnder it riden yn de gaten dat de auto yn de brân stie. Se koe op tiid út de auto komme, en skeakele de brânwacht yn, mar de auto wie net mear te rêden. De strjitte is ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Wolvegea auto brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)