"Ik ha altyd al ûnwennich west nei de Waadsee"

Professor Theunis Piersma is hikke en tein yn Himmelum en wennet no yn Gaast, mar is sljocht op it Waad. Doe't er as biolooch oan it wurk koe by it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek naar Zee) wie er de kening te ryk. Hy wurket der noch altyd en docht al tsientallen jierren ûndersyk yn de Waadsee.
Kennis smyt fragen op
"Ik begryp no wol better hoe't it hiele systeem yn it Waadgebiet wurket, mar tagelyk smyt dy kennis ek wer in hiel soad fragen op". It Waad is neffens Piersma unyk. Der binne wol mear waadgebieten op de wrâld, mar net fan de omfang fan 'ús' waadgebiet.
Net te beskriuwen
De betsjutting fan it Waad foar de natoer is neffens Piersma eins net te beskriuwen. It is in hiel bysûnder gebiet foar allegear trekfûgels dy't fan de toendra's nei Afrika lûke. Op it Waad moatte se bytanke, krije se nije fearren en wurde se sterker, om dêrnei wer fierder te fleanen.
Geheimen
Op dit stuit dogge Piersma en syn ûndersyksteam foaral ûndersyk nei de boaiem. Want wat der yn de boaiem bart, hat direkt ynfloed op de trekfûgels. Mar hoe kin it dat der it iene jier in hiel soad jonge kokkels binne en it oare jier hast net? Piersma wit it net. "It Waad hat noch in hiel soad geheimen en it binne krekt dy ferhalen dy't ik losweakje wol"
Soargen
Piersma makket him wol soargen oer de takomst fan it Waad. "Wy bestride op dit momint problemen mei technyske, oaljestjoerde oplossings. Tink oan it baggerjen, de gaswinning en de sâltwinning. Mar ik leau net dat dêr de oplossing leit. Ik leau folle mear yn it sterker meitsjen fan it Waad, sadat it Waad as in buffer wurkje kin tsjin de seespegelstiging".
Theunis Piersma komt snein oan it wurd yn it radioprogramma Buro de Vries, dat dizze simmer in searje programma's bringt mei de titel 'Ferhalen fan it Waad'.