UPDATE: Brân op dak fan fuotbalklup Hearrenfean

29 jul 2017 - 12:51

By in brân is it sportkompleks De Akkers fan VV Heerenveense Boys yn Hearrenfean bot skansearre rekke. De brân ûntstie troch kluswurksumheden op it dak fan it gebou oan de Rottumerwei. Doe is it isolaasjemateriaal yn de brân flein. De brânwacht wie mei meardere auto's te plak en dêrtroch wie brân gau ûnder kontrôle.

Foarsitter Gatze-Rommert van der Meer seit dat der wol in protte skea is. Foaral oan it plafond fan de klaaikeamers, WC's en de sportwinkel. Van der Meer mocht it gebou noch net yn, mar it liket derop dat alle klean dy't noch yn de winkel leinen fuortsmiten wurde moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)