Grutte drokte op fleanbasis

F-16 op de Fleanbasis Ljouwert © ANP
Fleanbasis Ljouwert is dit wykein de gasthear foar sa'n 90 propeller fleantugen. It is in inisjatyf fan de organisaasje Inter Service And Civil Air Rally, koartsein ISACAR. Doel fan dizze klup is om de navigaasjefeardigens fan piloaten en bemanning te testen en de militêre gearwurking op it mêd fan de loftfeart te fersterkjen.
It is de lêste kear dat it evenemint holden wurdt. De earste kear wie yn 1969.