Foutparkearder bedriget tafersjochhâlder yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
In 22-jierrige man út Ljouwert hat in tafersjochhâlder fan de gemeente bedrige en misledige doe't dy him oanspruts op ferkeard parkearen. De man hie freed de auto op it Ljouwerter Beursplein delsetten op in plak dêr't dat net mocht.
De man besocht út te naaien, mar de plysje hat him te pakken krigen. De man moat foar de rjochter ferskine foar de bedriging. Foar it foutparkearen hat er in boete krigen.