Fandalen ferniele slûs, sloepfarders bliuwe stykjen

29 jul 2017 - 09:13

Boatsjeminsken dy't mei in sloep fan Ljouwert nei it Bûtenfjild farre wolle, komme net fierder as healweis. Twa slúskes yn de rûte binne stikken. By ien dan dy twa, it Wâlsterslúske, is fandalisme de oarsaak. De provinsje wol dy slûs ferstevigje, sadat er net sa gau wer fernield wurdt. Boppedat soe der mear tafersjoch komme moatte.

Minsken ha stiennen yn de slûs smiten, dy't der noch by yn de buert leinen fan doe't er oanlein waard. Dy wurde der út helle, en der lizze aanst ek gjin losse stiennen mear om de slûs hinne. De provinsje ferwachtet dat boatsjeminsken nije wike wer oer de sloeperûte nei it Bûtenfjild farre kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)