Man lit kaai falle om kaai te stellen; dat mislearret

29 jul 2017 - 08:08
Foto: ANP

In 36-jierrige man sûnder fêst wenplak hat freed de telefoan en autokaai fan twa froulju stellen. Hy liet yn in winkel oan de Molkenkelder yn Ljouwert in kaai falle om sa de froulju ôf te leiden, en pakte dêrop de kaai en telefoan.

De froulju hiene it lykwols yn de gaten en koene mei help fan winkelmeiwurkers de man oanhâlde. De plysje hat der by west. Yn oktober moat de man him foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
plysje stellerij Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)