Kollum: "Strontfatsoenlik"

29 jul 2017 - 08:25

"As je fakânsje fiere op Skylge, binne der in soad dingen dy’t je dwaan kinne. Ien fan dy dingen is even nei de lêste strântinte foar It Amelân ta te fytsen. Heartbrake Hotel hat dy útspanning as namme en Elvis stiet der al jierren op it terras. Hoewol’t it in ein út de bewenne wrâld is, binne der altyd minsken. Wy fûnen in plakje ûnder dak, dêr wie it waarmer as op it iepen stik, dus doe’t dêr in taffeltsje frij kaam, ha we dat yn beslach naam.

Wy bestelden en krigen tee, kofje en in bierke.

Op in terras sitte is in wrâld op himsels. Minsken besjen is en bliuwt moai wurk. Wy bestelden nei it bestudearjen fan de kaart in lekker broadsje, hoewol’t der ek snert op it menu stiet en eigner Flang al ris wrâldkampioen snertsieden west hat. Mar dizze kear dus in broadsje. Lekker.

Njonken ús siet in beppe, mei yn har gefolch har dochter, dy’t sprekend op har like. Der wienen twa bern mei ûnútsprekbere en dêrmei tige hippe nammen. De jongste jengele wat om, mar mem hie it drok mei in streekje ynternetferbining te finen. As jo op de Boschplaat oer de dunen komme, is dat net echt in foarsjenning dy’t rom foarhannen is. Der is wifi, mar as je de koade net ha, binne jo even net berikber. Net slim, even onthaaste. Mar mem moast oan immen dúdlik meitsje dat se yn de strântinte sieten en net op it parkearterrein. En it bern wie even op plak twa.

Wy krigen ús broadsjes en lieten it ús lekker smeitsje.

Oant it momint dat mem werom kaam en sei dat se earst de jongste fan de twa bern even ferskjinje soe. Beppe knikte begripend, wy snapten it ek wol. Mar wat dêrnei barde wie foar ús wat minder te begripen. As wy lang lyn ien fan de beide dochters ferskjinnen, namen wy har even mei nei it toilet, dêr is meastentiids wol in plakje dat je soks út it sicht dwaan kinne.

No, mem hie wol de hiele keet troch stuitere om in streekje mobyl berik te finen, mar foar dizze operaasje wie ferpleatsen net nedich. Mei stigende fernuvering seagen wy dat it bern út de tafelstoel hyst en mei de rêch op de bank tusken mem en beppe yn lein waard. Let wol, oeral om harren hinne sieten minsken lekker te iten. De romper kaam los, de pemper út en jo ha wol sawat troch hoe’t de situaasje der by lei.

Ik ha myn broadsje even dellein, mar dat hie ik better ek net dwaan kinnen. Doe’t mei de lef rûkende Zwitsal doekjebrut it bern it gat skjinfage hie, waard ien en oar yn de smoarge strontpemper teard en ferfolgens even op de tafel lein, sadat mem de hannen frij hie om in skjin ruft oan te bringen. Dyselde tafels dêr’t de rest fan de minsken oan siet te iten, dus.

Beppe ferblikke hielendal net en brocht nei in skoftsje it smoarge ruft nei in ôffalbak.

Ik seach om my hinne, der wienen mear minsken dy’t frijwat ôfkarrend nei it tafriel seagen. Mar it moaiste wie dat mem har hannen net hielendal skeafrij út de striid kaam wienen. Se seach der nei en fage se doe skjin oan har skonken, earms en wite shirtsje. Dêrnei krige se in pûde snoepkes, want dy hie se it bern tasein as er him leaf ferskjinje litte soe. Mem wie sa freonlik om sels it plestik pûdsje even iepen te meitsjen, as service krige se der in pear út en naam sels ek ien. Doe krige se in wetterfleske en naam der in slok út, dêrby griemde se wat. Dat slikke se smaaklik fan har fingers ôf. Wy ha doe mar ôfrekkene."

(Advertinsje)
(Advertinsje)