Projektûntwikkeler Wopke Klaver nimt syn ferlies yn Harns

29 jul 2017 - 07:00

De gemeente Harns en projektûntwikkeler Wopke Klaver hawwe har skeel bylein as it giet om wentebou oan de súdkant fan de stêd. Beide partijen sjogge ôf fan fierdere juridyske prosedueres. Fan 'e wike is ôfpraat dat Klaver oan de súdkant fan de stêd 30 nije huzen oan it wetter bouwe mei, as útwreiding op de besteande wenwyk Luddinga. Dêrfoar wurdt der fan de Harnzer Feart ôf in opfeart groeven, fan 20 meter breed. Krekt dy breedte wie it diskusjepunt. Klaver fûn dat de gemeente de feart ûnnedich breed hawwe woe, mar Harns sei dat der ôfspraken oer makke wiene, mei it each op wetteropfang by swiere buien.

Ferlies nimme
Klaver nimt no syn ferlies, omdat de wenningbou bot oanlutsen is. Foar de 30 kavels binne al 50 belangstellenden, sa seit hy. "Ik kin noch wol twa of trije jier trochprosedearje en dan ha ik yn teory de kâns dat ik alles win, mar wa seit my hoe't de merk dan is, dus as it izer hjit is, moatte men it izer smeie". Dat de opfeart om it bouplan hinne no 20 meter breed wurde moat, betsjut dat dat de boukavels allegear in bytsje lytser makke wurde moatte. Dy smite dêrtroch minder jild op. "Dit kostet my serieuze bedraggen, dy skriuwe jo mei 6 sifers foar de komma, mar per saldo moat je net sjen nei wat it kostet, mar wat it jo oan winst opsmyt." Klaver ferklearret dat der ûnder de streep genôch oerbliuwt.

Oanloklike wengemeente
Wethâlder Maria Le Roy fan Harns is der wiis mei dat Klaver en de gemeente der no út binne. "Voor ons is het belang erin gelegen dat we als aantrekkelijke woongemeente te boek staan en we willen dat ook heel graag blijven. Dus al die toekomstige bewoners die naar Harlingen kijken, moeten ook kunnen zien dat er kavels zijn, waar ze hun eigen plan kunnen trekken." Yn it nije plan meie bewenners sels in arsjitekt sykje om har hûs te bouwen.

Juridyske prosedueres
Dat der no oerienstimming is oer de bou oan de súdkant fan de stêd betsjut net dat alle oare juridyske prosedueres ek fan de baan binne. Klaver en de gemeente hawwe noch altyd in grut ferskil fan miening oer wa't de nijbouplannen yn de fierdere takomst ûntwikkelje mei. Dêroer rint in artikel 6 proseduere. Klaver stelt: Ik ha in kontrakt foar de folgjende faze, de tredde faze en de fierdere faze. Dit rint noch tsientallen jierren". Le Roy wol net yngean op saken dy't noch ûnder de rjochter binne. "Dat lijkt me onverstandig".

(Advertinsje)
(Advertinsje)