Festival ITGWO siket sylskippen foar duorsum ferfier

Der wurde sylskippen socht dy't ein augustus fracht ferfiere wolle nei Flylân. It fersyk komt fan de stichting Men who Sail, dy't troch it silen fan fracht it belang fan duorsumens ûnder de oandacht bringe wolle. De fracht is bedoeld foar it festival Into the Great Wide Open, dat fan 31 augustus oant en mei 3 septimber op it eilân hâlden wurdt. Der moatte fytsen ferfierd wurde.
De fytsen komme fan Skylge en moatte dêr nei it festival ek wer hinne brocht wurde. It oare guod moat fan Amsterdam nei Flylân brocht wurde. Der is in fergoeding beskikber foar it wurk, foar elke fyts dy't oerset wurdt krijt de skipper 2,10 euro. Boppedat wurde de skippen filme en dat materiaal mei ek troch har brûkt wurde. Skippers dy't belangstelling hawwe kinne har melde by de stichting Men who Sail fia www.menwhosail.nl.