Age Hulder ferrassende winner yn Bûtenpost

28 jul 2017 - 21:54

Age Hulder fan Burgum hat freedtejûn yn de topklasse fierljeppen yn Bûtenpost ferrassend syn twadde deititel fan dit seizoen helle mei in sprong fan 20.19 meter. Hy wie dêrmei presys 1 sintimeter fierder as de favoryt Nard Brandsma út Warkum. De tredde priis gie nei Ysbrand Galama mei 19.10 meter.

Junioaren
By de junioaren gie ek wol ferrassend de earste priis nei Rutger Piersma út Molkwar mei in sprong fan 18.96 meter. Dat wie krekt wat fierder as Freark Kramer fan It Heidenskip dy't 18.80 sprong. De tredde priis wie foar de oare favoryt Jan Teade Nauta fan Drylts, dy't 17.68 sprong.

Froulju
By de froulju wie de titel alwer foar de regearjende Fryske kampioene Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Se wie net echt yn topfoarm, mar sprong wol 15.24 meter. In kreas twadde plak wie foar Akke Talsma út Kollum. Sy sprong har bêste seizoensprestaasje fan 15.06 meter. De tredde priis gie nei Melanie Heins út Warkum mei in sprong fan 13.98 meter.

Jonges
By de jonges wie de haadpriis foar Wietse Nauta fan Drylst. Hy sprong yn de finale 17.74 meter en wie dêrmei úteinlik dochs noch better as Jarich Wijnstra fan Tsjom, dy't oant de finale de lieding hie mei 17.35. Wisse Broekstra fan Tsummearum, de jongste dielnimmer fan it hiele fjild mei syn 13 jier, sprong in persoanlik rekôr fan 15.72 meter en krige dêrfoar in brûnzen medalje.

Famkes
By de famkes wie it hiel spannend. De titel gie nei Bente Vlas út Heech mei 14.14 meter. Dat wie krekt twa sintimeter fierder as de favoryt Sigrid Bokma fan Hylpen mei 14.12. Tredde plak wie foar Tirza Boschma fan Drylts mei 13.29 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)