Subsydzje foar sinnepanielen De Trynwâlden

28 jul 2017 - 21:18
Foto: Omrop Fryslân

Enerzjy Koöperaasje Trynergie kin syn earste sinnepanielen bestelle, de koöperaasje hat dizze wike in belangrike subsydzje takend krige. De panielen komme op it dak fan leanbedriuw Jelle Bijlsma yn Gytsjerk. It giet om 4.000 eksimplaren, dy't foar de simmer fan takom jier pleatst wurde. De panielen leverje enerzjy foar 450 húshâldens.

De enerzjykoöperaasje sil de kommende tiid op noch sân bedriuwen yn De Trynwâlden sinnepanielen pleatse. Ek dy moatte enerzjy foar de omjouwing leverje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)