Freonen moatte Spulwike fan Littenseradiel takomst jaan

It fuortbestean fan de spulwike fan Littenseradiel liket foarearst feilichsteld. Op 1 jannewaris 2018 wurdt Littenseradiel troch in weryndieling ferdield ûnder de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Foar de spulwike wie dat in potinsjeel probleem, omdat de gemeente in belangrike jildsjitter is.
Takom jier jout Súdwest-Fryslân noch ien kear in bydrage, mar oer de jierren dêrnei binne noch gjin ôfspraken. It bestjoer fan de spulwike hat no de 'Freonen fan de Spulwike' oprjochte. Sa'n 150 minsken hawwe al oanjûn dat se alle jierren 25 euro jaan wolle. Fierder wurdt in grutter berop op sponsors dien. De Spulwike fan Littenseradiel wurket mei in budzjet fan 20 oant 25 tûzen euro.
Oan de spulwike dogge sûnt 1972 alle jierren yn de simmerfakânsje 600 bern mei. Sy wurde ferdield yn trije leeftiidsgroepen. Yn Easterwierrum, Easterlittens en Weidum wurde dan ferskate spultsjes en oare aktiviteiten dien mei de bern. Nei de weryndieling wol de spulwike gewoan trochgean mei it brûken fan de namme Littenseradiel. Neffens foarsitter Johannes Hazenberg bliuwt it wichtich dat de bern fan de doarpen inoar kennen leare en mei-elkoar saken ûndernimme. Yn Winsum waard freed de 45ste edysje fan de Spulwike ôfsletten.