Hongerige Friezen socht foar 900 kilo ôfkarde spinaazje

28 jul 2017 - 19:17

De Streekboer siket minsken dy't 900 kilo ôfkarde spinaazje fan de ôffalbak rêde wolle. De spinaazje wie bedoeld foar de eksport nei Denemarken, mar dy fûnen de blêden en de stâlen fan de spinaazje te grut en karden de griente dêrom ôf. Boer Krispijn van den Dries út Ens (Flevolân) hopet dêrom dat de Friezen syn spinaazje fergees ite wolle. Minsken kinne in bestelling pleatse en de griente sneon ophelje by de Blokhúspoarte yn Ljouwert of by de Welkoop yn Snits of It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)