Teatertún Riis mooglik te let mei yntsjinjen beswier

28 jul 2017 - 19:01
Foto: Teatertún

It is mar de fraach oft de Ried fan Steat it beswier behannelet dat De Teatertún yn Riis yntsjinne hat tsjin in ferbod fan de rjochtbank op it organisearjen fan brulloften yn de tún. By in sitting oer de saak die freed bliken dat it beswier fan De Teatertún trije dagen te let yntsjinne is. Buorlju fan De Teatertún fiere al jierrenlang in juridyske striid tsjin de brulloften, omdat se der oerlêst fan hawwe. De rjochtbank hat bepaald dat dy brulloften net mear hâlden wurde meie, mar De Teatertún besiket dy útspraak no oan te fjochtsjen by de Ried fan Steat. Dy komt binnen seis wiken mei in antwurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)