Diskusje oer duorsume koers by FrieslandCampina

No't de druk op de agraryske sektor tanimt om duorsumer te produsearjen, liket it hieltiten dreger te wurden om dêroer by suvelkoöperaasje FrieslandCampina ta in ienriedich stânpunt te kommen. Der is ferset ûnder de leden tsjin in duorsumere koers. Dochs hâlde bestjoer en de lederied fan FrieslandCampina hjir oan fêst. Under oaren om sels stjoer te hâlden oer de feroarings dy't no frege wurde, seit bestjoersfoarsitter Frans Keurentjes.
De fraach nei in noch duorsumere lânbou waait ek net oer, konstatearret hy, mar it jout ek kânsen om't der mear jild frege wurde kin foar produkten dy't sa ta stân komme. Fan septimber ôf wurdt der yngreven mei de leden oerlein oer de feroarings en de termyn wêrop ien en oar te dwaan is.