Eask fan 240 oeren wurkstraf tsjin Gordykster himpteler

28 jul 2017 - 17:47

It Iepenbier Ministearje easket 240 oeren wurkstraf tsjin in 35-jierrige man fan De Gordyk foar de teelt fan himp, it stellen fan stroom en ferbean wapenbesit. Tsjin syn 48-jierrige eks-frou is 180 oeren wurkstraf easke. Dêrnjonken wol de offisier fan justysje dat der in straf fan seis moanne ûnder betingst oplein wurdt.

De plysje krige yn oktober 2014 in e-mail. Dêryn waard de plysje tipt oer de lokaasje fan in himpkwekerij. De plysje liet dêrnei mjittings by it gebou dwaan troch in enerzjybedriuw en ek waarden der kamera's ophongen. Uteinlik waard begjin maart it pân en ek de wenning fan it pear trochsocht. Dêr waarden in pistoal, munysje en pepperspray fûn. Yn it bedriuwspân waarden goed 1100 himpplanten oantroffen.

By syn eask hâlde de offisier rekken mei it feit dat de saak al lang lyn plakfûn. It Iepenbier Ministearje tinkt dat it stel rom 220.000 euro fertsjinne hat mei de teelt fan himp. Oer twa wike is de útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)