Frou fynt neppistoal op dak fan har auto

© Politie Leeuwarden e.o.
De plysje hat freedtemoarn op de Mendelsohsstrjitte yn Ljouwert in nepfjoerwapen yn beslach naam. In bewenster fan dy strjitte soe moarns har auto ynstappe, doe't se it wapen op it dak fan har auto lizzen seach. Om't se net goed sjen koe oft it om in echt of neppistoal gie belle se de plysje. Dy konkludearre dat it om in metalen baltsjespistoal gie dat bot op in echt fjoerwapen liket. It nepwapen is meinommen en sil ferneatige wurde.