Ljouwerter buerthuzen nei rjochter om koartsjen subsydzje

28 jul 2017 - 16:19
Hollanderwyk yn Ljouwert

Trije buerthuzen yn Ljouwert stappe nei de rjochter om in koarting op har gemeentlike subsydzje te kearen. De gemeente fynt dat de buerthuzen Aldlân, Hollander Huuske en Vluchtheuvel te min aktiviteiten organisearje en dêrom mei minder subsydzje ta kinne. De buerthuzen binne it dêr net mei iens en stapten nei de gemeentlike beswierekommisje. Dy joech de gemeente lykwols gelyk. De buerthuzen lizze har der net by del en stappe no nei de rjochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)