Europeeske subsydzje foar projekt Sport for All Games

28 jul 2017 - 16:09
Fierljeppen Martin de Jong - Foto: Martin de JOng

Sport for All Games krijt €470.000 subsydzje fan it Europeeske Erasmus+ Programma. It sportevenemint is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. By it evenemint stean kultuersporten fan Fryslân en oare Europeeske regio's sintraal.

It projekt wurdt organisearre troch Sport Fryslân en NOC*NSF en fynt plak fan 3 oant en mei 7 augustus 2018 op ferskate plakken yn Fryslân. Fiif dagen lang binne Europeeske sporters dwaande om minsken yn 'e kunde komme te litten mei harren sport.

(Advertinsje)
(Advertinsje)