Polyp by Griet Wiersma: "Net sjonge en prate is hiel dreech"

28 jul 2017 - 15:33

"Klep ticht, op de bank sitte en de stim alle rêst jaan", dat is it advys oan sjongeres Griet Wiersma fan har KNO-arts. "Ik haw it de lêste tiid hiel drok hân, songen op trije gesellige boattochten en doe die de stim it net mear", fertelt Griet Wiersma op 'e radio yn De middei fan Fryslân.

"Ik tocht, it komt wol wer, mar de stim kaam net wer werom." Fiif optredens hat se dêrom ôfsizze moatten. "Hartstikke skande fansels. Hielendal dat ik no net mei de Fryske trûbadoers nei de Fryske Wike yn Westendorf Tirol bin. Ik haw Anneke Douma frege om yn myn plak dêrhinne te gean en sy meitsje dêr der no in moai feestje fan."

De gesellige hynstedagen yn Driezum-Wâlterswâld lit Wiersma ek efkes oan har foarby gean. "Ik fyts aanst wol efkes in stikje by de hindernissen del, mar dy feesttinte kom ik net yn! No noch mar efkes rêstich oan en dan stean ik heal augustus as it goed is wer op it poadium."

(Advertinsje)
(Advertinsje)