Rojas en Mihajlovic presintearre by Hearrenfean

28 jul 2017 - 15:01

Sportklup Hearrenfean hat fan 'e middei Marco Rojas en Nemanja Mihajlovic presintearre. Beide spilers sille fan 'e middei fuort mei nei Eastenryk dêr't Hearrenfean snein in oefenwedstriid spilet tsjin it Turkse Trabzonspor.

Marco Rojas

Rojas is 25 jier komt út Nij-Seelân en komt oer fan Melbourne Victory út Australië. Hy spile earder by VFB Stuttgart en waard ferhierd oan Greuther Fürth en FC Thun yn Switserlân, mar slagge net by Stuttgart en gong werom nei Melbourne Victory. Hy spile 30 kear as ynternasjonal foar Nij-Seelân.

Nemanja Mihajlovic

Nemanja Mihajlovic is 21 jier en komt fan Servië. Hy spile, lyk as Miralem Sulejmani eartiids, by Partizan Belgrado. Mihajlovic is ynternasjonal by Servië ûnder de 21.

Hearrenfean spilet snein tsjin Trabzonspor en fleant hjoed nei Eastenryk sûnder Sam Larsson. De Sweed stiet yn de belangstelling fan ferskate klups en wol Hearrenfean ferlitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)