Lucas Bijker nei Cádiz FC yn Spanje

28 jul 2017 - 14:25
Lucas Bijker - Foto: AWfoto.nl

Fuotballer Lucas Bijker spilet takom jier foar Cádiz FC yn Spanje. De linkerfleugelferdigener hat in kontrakt foar trije seizoenen tekene by de nûmer fiif fan de Segunda Division, it twadde nivo yn Spanje.

De 24-jierrige Bijker spile de ôfrûne twa seizoenen foar Sportklup Hearrenfean. Hy gie dêr oan de ein fan dit seizoen transferfrij fuort. Dêrfoar spile Bijker fan 2011 oant 2015 foar Cambuur Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)