Fleantúchwrak mooglik nei besikerssintrum It Fryske Gea

It fleantúchwrak dat de kommende tiid út de grûn fan de Alde Feanen by Warten helle wurdt, komt mooglik yn it besikerssintrum fan It Fryske Gea yn Earnewâld. De gemeente Ljouwert en de natuerorganisaasje binne yn petear oer in goed plak foar it wrak fan de Avro Lancaster.
Der hawwe har mear kandidaten melden, mar de gemeente is yn de petearen it fierst mei It Fryske Gea. Yn it gebou fan it besikerssintrum Nasjonaal Park De Alde Feanen sit ek it lânboumuseum, mar dat ferhuzet nei Ljouwert. Dêrmei soe genôch romte ûntstean foar de Lancaster, dy't sa'n 30 by 20 meter mjit.
It fleantúch stoarte yn de Twadde Wrâldoarloch del en is sa't it no liket goed bewarre bleaun yn de feangrûn.