FIDEO: Yn Fryslân steane de bêste stjoerlju wol op it dek!

28 jul 2017 - 13:57

Dat yn Fryslân de bêste stjoerlju net oan wâl mar gewoan op it dek stean, ûntdekte in groep Dútske wettersporttoeristen tongersdei. De Dútsers wiene oan it boatsjefarren tusken Starum en Warns, doe't se skipper Auke de Groot fan de Súdwesthoeke yn aksje seagen.

Dy wie mei syn bemanning oan it oefenjen foar it SKS skûtsjesilen. Dêrby farde er mei syn skûtsje sûnder inkelde muoite tusken twa peallen troch. De Dútsers seagen harren eagen út. "Das ist klasse, wunderbar!" rôpen se fan harren eigen rubberboat.

(advertinsje)
(advertinsje)