Omrop TIP: it PC Kafee is wer iepen!

28 jul 2017 - 13:56

Yn it PC Kafee sjogge wy yn de dagen foar de PC foarút op de PC-dei mei kânshawwers en âld PC keatsers. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus praat presintator Geert van Tuinen mei keatstoppers fan doe en no.

Kafee De Bogt fen Gené yn Frjentsjer is op dy dagen omdoopt ta it PC Kafee en publyk is fansels wolkom! It programma op de radio wurdt alle dagen om 18.00 oere útstjoerd, mar de opnametiden ferskille in bytsje.

Wannear is it kafee iepen en wat stiet der op it programma?

Freed 28 july, kafee iepen fan 17.30 oere ôf:
Yn it earste PC Kafee fan it seizoen wurdt der mei it winnende partoer fan 20 jier lyn weromsjoen op de PC fan doe. Ek it bysûndere ferhaal fan de twa gouden klokjes fan Bote van Noord en Ouwe Seun Johny Nota komt oan bar. Fierder wurdt it antwurd op twa fragen socht: hoe giet it dochs mei Klaas Westra en wêrom keatste Erik Seerden nea yn Spanje.

Sneon 29 july, kafee iepen fan 10.30 oere ôf:
In dei letter komme de Biltske helden Joop Bierma en Leo Leeuwen del om te praten oer in libbenslange freonskip en it nét winnen fan de PC yn 1987. Ek de bysûndere ferhalen fan Wietse Punter, Lieuwe van der Meulen, Paulus Groenendijk en Wilke Kolthof sille net ûntbrekke yn it Kafee.

Snein 30 july, kafee iepen fan 10.30 oere ôf:
Op de dei foar de lotting komme de nostalgyske ferhalen út 1967 en 1977 oan bar. Presintator Geert van Tuinen praat mei Klaas en Wiep van Wieren, Johan Halbesma, Johan van Seijst, Johannes Westra en Johannes van der Meij.

Tiisdei 1 augustus, kafee iepen fan 17.30 oere ôf:
Op de jûn foar de PC praat Geert van Tuinen mei PC foarsitter Ids Hellinga. Fierder skowe kening fan 2007 Johan van der Meulen en ferliezend finalist Pieter Scharringa oan. Fansels komt ek ien fan de debutanten op de PC del en ûntfangt it PC Kafee in hiel spesjale gast dy’t al 83 jier op de PC komt.

Sjoch foar mear ynformaasje op oer it PC Kafee en alles oer keatsen op Omropfryslan.nl/keatsen

(advertinsje)
(advertinsje)