Ek Arriva tinkt nei oer genderneutrale boadskippen

28 jul 2017 - 13:31
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ek ferfierder Arriva tinkt nei oer genderneutrale boadskippen. Freed makke de NS bekend dat de NS tenei net mear 'dames en heren' omroppe sil, mar 'geachte reizigers'. By RTV Noord liet Arriva witte ek te prakkesearjen oer sa'n wize fan oansprekken. Dit moat yntern lykwols noch oerlein wurde.

Trefwurden: 
Arriva RTV Noord
(Advertinsje)
(Advertinsje)