Tydlike dyk lâns treinstasjon Ljouwert

28 jul 2017 - 13:25
It stasjonsplein yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der komt in tydlike dyk lâns it treinstasjon yn Ljouwert. Fan snein ôf moat it ferkear sa'n acht wiken lang oer de nije dyk ride. Sa komt der romte frij om de nije Stasjonswei tusken it plein en it plantsoen oan te lizzen.

As it wurk klear is, kin it ferkear oer de nije Stasjonswei ride sûnder de bocht om de monumintale plataan te meitsjen.

Trefwurden: 
treinstasjon Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)