Meipos warskôget foar gefaarlike LED-lampen

28 jul 2017 - 12:38

It bedriuw Meipos fan It Hearrenfean warskôget foar gefaarlike LED-lampen. It bedriuw hat tusken 2015 en maaie 2017 tsientallen E27-9 watt Corn-lampen ymportearre fia twa leveransiers. Minsken kinne in elektryske skok krije fan dizze lampen.

Wa't sa'n lampe hat, moat dizze net langer brûke. Om de lampen fuort te heljen, riedt Meipos oan om earst de stroom der ôf te heljen. Minsken krije harren jild werom as se de lampe werombringe nei de winkel. Neffens Meipos binne de measte lampen al achterhelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)