Aldste man fan Nederlân fiert syn 107e jierdei

28 jul 2017 - 11:53

Eelke Bakker, de âldste man fan Nederlân, fierde freedtemoarn syn 107e jierdei yn Damwâld. Bakker wennet yn Dokkum, mar fierde syn jierdei mei de famylje by syn dochter. Syn geheim is dat er alle dagen roggebrea en spek yt en net al te folle snobberij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)