Reparaasjes oan brêge Aldskou

Rykswettersteat set moandei útein mei reparaasjes oan de brêge Aldskou oer it Prinses Margrietkanaal. It beton yn de brêge tusken Jirnsum en Akkrum is ferâldere. Om foar te kommen dat der stikken beton útfalle, sil it fêste diel fan de brêge ferstevige wurde.
Yn maaie fan dit jier binne der al needreparaasjes útfierd oan in oar diel fan de brêge. Dit wie nedich omdat der losse stikken beton ûnder de brêge fûn wiene. Ut ûndersyk fan Rykswettersteat die doe bliken dat betonreparaasje needsaaklik is.
By de wurksumheden kin it ferkear gewoan oer de brêge. Wol sil de maksimumsnelheid oanpast wurde en binne der ferkearsregelers oanwêzich. De skipfeart ûnderfynt gjin hinder fan de reparaasjes. Sy kinne gebrûk meitsje fan de trochfeart ûnder it beweechbare diel fan de brêge.
De wurksumheden sille plakfine fan moandei 31 july oant en mei freed 4 augustus.