Persoaniel Achmea makket him soargen oer banen

28 jul 2017 - 11:36

Wurknimmers fan Achmea yn Ljouwert meitsje har slim soargen oer harren banen by de soarchfersekerders De Friesland en FBTO. Yn in brief oan de ried fan bestjoer fan Achmea skriuwt it persoaniel dat se benaud binne dat yn Ljouwert allinnich mar in administrative organisaasje oerbliuwt.

Neffens it persoaniel en de fakbûnen binne kostebesparringen liedend by Achmea en wurde de soarch en soarchkantoaren mooglik sintralisearre yn it suden fan it lân. Dat soe grutte gefolgen hawwe kinne foar de wurkgelegenheid yn Ljouwert.

De fakbûnen en it personiel fine dat de wurkgelegenheid krekt yn Ljouwert konsentrearre wurde moat, omdat hjir in soad kennis is oer de soarchsektor. By de soarchôfdielings fan De Friesland en FBTO wurkje sa'n 600 minsken.

Yn in reaksje lit Achmea witte dat se de brief ûntfongen hawwe. Se wolle net ynhâldlik fia de media reageare, mar sille de fakbûnen streekrjocht antwurdzje. Wol lit Achmea witte dat se yn maaie bekend makke hawwe dat se alle aktiviteiten konsintrearje sille yn fiif lokaasjes. Se litte mei klam witte dat Ljouwert ien fan dy fiif kearnlokaasjes is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)