Yta hopet dat hiel Fryslân op har stimt

28 jul 2017 - 11:18

Wolvegeaster Yta Strikwerda, dy't mar leafst alve kear te gast wie yn de tv-programma's fan Paul de Leeuw, is yn de race foar de Gouden Venus van Milo. Dit is in priis foar de meast ynspirearjende Nederlanner mei in beheining. Yn totaal binne der hûndert minsken nominearre, dus Yta hopet dat hiel Fryslân op har stimme sil.

Yta hat it syndroom fan Down en skreau har eigen boek: 'Up Power'. Op skoallen jout se gastlessen oer har libben. Ek is se belutsen by de LFB, de lanlike belange-organisaasje foar minsken mei in ferstanlike beheining. Mei in coach wol se noch mear Downsyndroom-ambassadeurs opliede yn Nederlân.

Stimme kin op de webside fan de ferkiezing.

Yta waard benammen bekend troch har optreden yn it programma Mooi! Weer De Leeuw. Yn 2008 waard har winsk it tv-momint fan it jier.

Trefwurden: 
Yta Strikwerda Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)