Ljouwert krijt tydlike pop-up bibleteek

28 jul 2017 - 10:25
Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert krijt in tydlike pop-up bibleteek yn winkelsintrum Saailân. De bibleteek sit no noch yn it Beursgebou, mar makket plak foar de Campus Fryslân, dy't yn 2018 iepen giet. De ferbouwing begjint yn oktober dit jier.

De bibleteek ferhuzet yn jannewaris takom jier nei de Blokhúspoarte, mar hat tydlik in ûnderkommen nedich. De pop-up bibleteek iepenet op freed 15 septimber de doarren. It wurdt sober fan opset, mar biedt wol plak oan hast de hiele kolleksje.

Trefwurden: 
bibleteek Saailân
(Advertinsje)
(Advertinsje)