Trekker botst op auto yn Elslo
Op de Riete yn Elslo is freedtemoarn krekt nei acht oere in trekker op in auto botst. Yn de auto soene in mem en har twa bern sitte. Neffens de plysje falle de ferwûningen fan it trijetal ta. Oft der slachtoffers nei it sikehûs brocht binne, is net wis.