Kollum: "Echte jonges"

28 jul 2017 - 08:16

"De nije kampanje fan Sire giet deroer oft wy ús jonges wol genôch jonge wêze litte. Want se binne oars as famkes. Gau ôflieden, beweechlik, se leare benammen troch dingen te besykjen en it binne faak rûchhouwers. Lit ik dêr no alles fanôf witte as mem fan trije jonges en ien famke.

Us âldste is alwer 23 en hy wie wol reedlik rêstich. Ferantwurdlik en leaf foar syn suske dat trije jier jonger is. En se hiene eins noait rúzje. Mar nûmer twa en trije binne beide jonges en skele mar oardel jier. Ien fan dy beiden hat noait krûpt mar skoode oer de grûn foarút nei eltse kast dy’t iepen koe. Dan reage er alles derút en gong er nei de folgjende. Hy hat it krûpen dus oerslein en gong op in bepaald momint gewoan stean. Doe rûn er ek.

Wy binne sneintemoarns ris fan bêd kommen doe’t dy beide apen al ûnder wiene en se hiene betocht om de tafel klear te meitsjen. Wy hawwe in tafel fan 2.50 by 1.20 meter en dêr stiene werklik alle potten en pannen op dy’t yn ‘e oanrjochtkastkes stiene en de jongste rûn mei in iepen pak hagelslach troch de keet. Om de feestfreugde noch grutter te meitsjen, hiene se ek mar in pear aaien tsjin ‘e antike kast smiten.

Ik ha ek ris sa stom west om dizze jonkjes mei te nimmen nei de Scapino omdat har suske nije skuon ha moast. Wylst wy dêr mei dwaande wiene, hiene de mantsjes de grutte koer mei fuotballen fûn dy’t midden yn ‘e winkel stie. Dy wie fansels samar leech. En útnaaie yn in winkel koene se ek as de bêste.

No gnize wy derom mar wat ha ik faak it swit op ‘e rêch hân troch dy boefkes. Hie’k har beide mei nei it konsultaasjeburo, funen se dêr ek in bal. Ik hoech grif net mear te fertellen hoe’t it dêr om en ta gie mar de dokter seach my wol oan mei in besoarge blik. De term ADHD is ek wolris fallen mar mei fiskoaljepillen en net tefolle sûker kamen wy in hiel ein… It wiene gewoan echte jonges!

En noch. Se binne no 16 en 17 en sa stadichoan wurdt it better; al sneuvelje de fytsen, broeken, tillefoans en skuon hjir by boskjes. Mar dêr kinne se noait wat oan dwaan. De beugelboer stie der eartiids ek fersteld fan hoe faak oft immen syn beugel stikken ha kin en de nije bril wie amper betelle of hy lei alwer op de boaiem fan ‘e Hegemermar.

Wy hawwe ek ris in glêzen wynljocht op ‘e tafel hân mar dat duorre net lang. Ik ha oant trije kear ta in nije helle, doe ha ‘k de moed opjûn. Soks kin no gelokkich al wer. Doe’t wy in kear jierdeibesite hiene, stie der ien yn ‘e bleate kont op ‘e skommel te pisjen. Se hawwe ek wolris yn heit syn klompen pisse en de favorite hobby wie bommetjes dwaan yn ‘e badkúp. Je koene it sa gek net betinke of sy hiene it al betocht.

Se soene ek ris tegearre de krystbeam fersiere mar doe’t wy yn ‘e keamer kamen, dûnsen se neaken yn ‘e rûnte en hongen alle klean én pamper yn ‘e beam. En dan ha ‘k it noch net iens oer de bloednoazen, bekeuringen en besites oan it sikehûs hân.

No binne se in kop grutter as mem en wolle se noch regelmjittich mei my stoeie. Mar ik pak se oan en bin sa gemien as tou! In bytsje jonge jout dêr neat om."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)