Opknapplannen Drachten-west

30 maaie 2012 - 13:03

It gebiet Drachten-West kin flink opknapt wurde troch mear grien en rekreaasjefoarsjennings oan te lizzen. Dizze oanbefelling stiet yn in rapport fan advysorganisaasje Atelier Fryslân dat woansdei oanbean is oan de gemeente Smellingerlân. Drachten-West bestiet út de nijbouwyk Drachtsterfeart en in ferâldere yndustrieterrein.

Troch mear rûtes en grien oan te lizzen kint it gebiet diels in nije bestimming krije. Ien fan de ideeën is om in strân oan te lizzen.

Smellingerlân sil de advizen brûke by it meitsjen fan plannen foar gebieden dy't om it Drachtster sintrumgebiet lizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)