Gefaarlike N369 wurdt lang om let oanpakt

Fan moandei ôf start BAM Ynfra mei it wurk oan de N369 tusken de rotonde by de Blauhústerwei en de rotonde by Koatstertille. Ferkear moat rekken hâlde mei ferskate omliedingen. De wurksumheden binne nedich om't de dyk op dit stuit tige ûnfeilich is. Der komt in soad ferkear lâns en der binne gefaarlike oerstekplakken foar fytsers en kuierders.
Gjalt Dijkstra wennet oan de N369 en set him al mear as 15 jier yn om de dyk feiliger te meitsjen. Lang om let is it no sa fier dat de skeppe de grûn yn sil. Sa komme der ûnder oare mear oerstekplakken en in nij fyts- en kuierpaad. De winsk wie om in aparte sutelwei oan te lizzen, mar dat slagge net fanwege te min romte.
De plannen foar De Koaten binne ûntwikkele yn gearwurking mei de provinsje, de gemeente en de omwenners. Mear ynformaasje is te finen op de facebookpagina fan it projekt.