Earste Anna van Hannover-kuier yn Ljouwert

28 jul 2017 - 06:37

Der kin nije wike sneon 5 augustus foar it earst in Anna van Hannover-kuier makke wurde troch Ljouwert. Mei de kuier fertelt Oranjekenner Bearn Bilker oer de Britske prinses, dy't troud wie mei de Fryske stedhâlder Willem IV.

Hoe wie bygelyks de oergong fan Londen nei Ljouwert en hoe koe it dat Anna mei in Fryske stedhâlder troude? Ek is der omtinken foar it oargel dat Anna van Hannover oan de Waalske tsjerke skonk.

De rûnlieding wurdt op 12 augustus herhelle. Mear ynformaasje en opjefte by it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)