DINGtiid wol langetermynfisy foar it Frysk

28 jul 2017 - 06:30

Der moat in langetermynfisy komme foar it Frysk. Dat fynt DINGtiid; it orgaan foar de Fryske taal. By it ferskinen fan it jierferslach 2015-2016 seit fise-foarsitter Tytsy Willemsma dat der yn teory in goeie ynfrastruktuer foar it Frysk leit, mar dat der gjin koers útset wurdt foar wêr't de Fryske taal oer fyftjin jier stean moat en hoe't dy doelen berikt wurde kinne.

DINGtiid fynt boppedat dat makke ôfspraken better neikaam wurde moatte. It orgaan wol dêroer yn petear mei ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes, mei wethâlders en mei it Ryk. Mei it Ryk soe ek in ôfspraak foar in jierliks oerlis komme moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)