Twa restaurants yn Top 100

27 okt 2011 - 10:32

Der steane dit jier twa Fryske restaurants yn de top 100 fan it blêd Lekker. Dat binnne De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach op 45 en Frouckje State yn Ryptsjerk op 60. Beide restaurants binne klommen yn de ranglist. Neffens de restaurantgids is it wurk fan kok Vaartjes fan De Heeren van Harinxma fan heech nivo. En oer de kollega's yn Ryptsjerk wurdt sein dat dat in "heerlijk adres" is.

Der binne noch 24 Fryske restaurants dy't yn de top 500 fan Lekker steane.

(Advertinsje)
(Advertinsje)